Thússide

Geskikt foar al jo gearkomsten, feestjes, brulloften ensfh.

Biljert oanwêzich.


Foto: Paul van Gent

Links:


Mail ús:

 

 

 

  Download de volgende documenten:

 

 

 

 

Wat beweegt de fotograaf


Dat is de titel fan ’e foto-eksposysje dy’t fan ’t simmer te sjen is yn doarpshûs Us Gebou yn Alde Leie. Op dy eksposysje litte fiif lokale fotografen harren wurk sjen. Elk út syn/har eigen bewegingen en ynspiraasjeboarnen wei.

Æsger Stienstra hat as arsjitekt beropsmjittich in protte fotografearre. De lêste tiid leit er benammen de ûntjouwingen yn en om Alde Leie hinne fêst.

Petra Lakerveld hat har hert ferlern oan Súd-Afrika. En hoewol’t se prachtige natuerfoto’s yn it Kruger Park makke hat, lit se no sjen hoe moai oft de natuer yn alle wynstreken fan Nederlân is. Natuer is ek de ynspiraasjeboarne fan Gatske Kraak, mar op dizze eksposysje lit se in tal omjouwingsportretten sjen. Paul van Gent fynt syn ynspiraasje yn it Fryske lânskip. Paul die earder ek al mei oan de Trimdiel Keunstrûte en hat ek op oare plakken wol eksposearre. Syn foto’s binne al in pear kear yn ’e prizen fallen. Joan Drent wol mei har foto’s in ferhaal oerbringe, dêr’t gjin wurden by nedich binne. Har wurk ferwiist nei in inerlike wrâld. It giet oer kwetsberens, fan ús as minske, fan it libben, mar ek oer krêft en oerlibjen. Koartsein, der is in ferskaat oan foto’s te sjen, fan 11 juny ôf oant en mei 3 septimber, alle sneintemiddeis en woansdeitemiddeis fan 14:00 oant 16:30 oere yn doarpshûs Us Gebou, Alde Leie.